[Gutenberg 63023] • De Hoara's fen Hastings
- Authors
- Kloosterman, Simke
- Publisher
- Independently Published
- Tags
- frisian fiction
- ISBN
- 9798683972165
- Date
- 2020-09-11T00:00:00+00:00
- Size
- 0.49 MB
- Lang
- en
Date, det wie in dreamer.... De heide hie him sa makke, de brune, hearlike, en de moaije simmerloften, dy-t der oerhinne dreauwne en de spjirrebosken, dy-t sa swijgsum wierne en him allinne doch sa'n bulte fortelden.Noait ien scoe 't gewaer wirde, hwet der yn him omgyng. Th�s by heite's yn it heideh�ske, der de wyn troch de naden pipe en de snieflokken troch de skoarstien kamen en op it fj�r fen ski�wden toraenden, der hjitte hy in apparten ien, in s�lle, in wikel �nder 'e mosken wie 'r. Den tr�dde 'r mei syn lange skonken nei beppe's ta, nei �lde Feick, der foun hy hael. Der krige hy omstikken brea mei sjerp en boekweitengroat mei lollemansstip, der f�rre hja him by stikjes en bytsjes mei de swietekou fen 'e po�zij en der tarde hy den wer wiken op. Den hiene hja it oer �lde tiden en hwet hjir omgien wie yn dizze streken en as beppe mar bigoan fen; "�s pake plichte to sizzen", den wist Date it oare wol. Den gyng hy foar 't fj�r sitten to pluchsnijen for L�tsen skoenmakker en beppe krige de skieppegrouwen hoas op en stiek de priem yn 'e breidsk�, mar fensels, oan 't breidzjen kaem hja net ta!